Each yn each mei ynbrekker
In ynwenster fan Ljouwert is yn 'e nacht fan freed op sneon in ynbrekker oer it mad kaam. De 47-jierrige frou waard wekker fan leven yn 'e wenkeamer en soe derhinne. Op 'e trep stie se ynienen each yn each mei de ynbrekker. De man naaide fuortdaliks út.
De beurs fan 'e frou en har Ipod binne stellen. De resjerzje hat de saak yn ûndersyk.