Jublieumboek fakânsjepark

Op Skiermûntseach wurdt sneon it 50-jierrich bestean fan it bungalowpark Klein Zwitserland fierd. Tagelyk wurdt dan in jubileumboek presintearre. Dat is gearstald en skreaun troch William ten Brink en Dorine Louwerens.
Boargemaster Swart fan it eilân sil it boek oanbiede oan 'e inisjatyfnimmers fan 50 jier ferlyn. It boek giet oer it ûntstean fan it fakânsjepark, mar ek oer ferhalen en oantinkens fan bewenners.