Fryske oplossing fjoerwurkramp

15 maaie 2010 - 12:15

Tips út Fryslân kinne liede ta de definitive oplossing fan it mystearje om 'e fjoerwurkramp yn Enschede hinne. Dat seit Simon Vuyk yn it programma SneonS fan Omrop Fryslân. Vuyk is dêr om te praten oer syn boek 'De waarheid achter de vuurwerkramp'.

De tips binne ynkaam by de Fryske kriminele ynljochtingetsjinst. Dy hat se trochspile nei de plysje yn Twinte, mar dêr binne se lizzen bleaun. De fjoerwurkramp is no tsien jier lyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)