Unrêst by Omtinkers Skewiel

Der is ûnrêst ûnder it personiel fan de Omtinkerij fan Skewiel Trynwâlden yn Oentsjerk. Neffens de trije personielsleden hat soarchgroep Tellens in stjerhûskonstruksje betocht om harren wurk stadichoan stil te lizzen. Meiwurkers dy't bygelyks mei pensjoen gean of in oare baan fine wurde net mear ferfongen.
Personiel fan de Omtinkerij helpt bewenners fan it âldereintehûs mei allerhanne putsjes.