Fryslân Miljeu ferdûbelt winst

De winst fan ôffalsammeler Fryslân Miljeu is it ôfrûne jier hast ferdûbele nei in heal miljoen euro. De omset rûn lykwols werom mei hast in miljoen euro. De oarsaak dêrfan is de ekonomyske krisis.
Bedriuwen produsearden folle minder ôffal. De winst is benammen helle út kostebesparrings. Sa wie Fryslân Miljeu folle minder jild kwyt oan reparaasjes fan de jiskeweinen.