Jack de Vries treedt ôf

Jack de Vries
Demisjonêr steatssekretaris Jack de Vries fan definsje stapt op nei oanlieding fan syn bûtenechtlike relaasje. Hy hat dat freedtemiddei bekend makke. Ferline wike waard bekend dat de yn Drachten berne De Vries in relaasje hie mei in kollega. Hy stapt ek folslein út de aktive polityk.
De Vries docht dus net mei de Twadde Keamerferkiezings mei. Hy stie op it 15e plak op de CDA list. Hy nimt dit beslút ûnder druk fan de media.