Portier mei dea bedrige
In portier fan in hoarekagelegenheid yn Ljouwert hat ôfrûne nacht de plysje warskôge, omdat er mei de dea bedrige wie troch twa mannen.
De dieders, in 24-jierrige ynwenner fan Staphorst en in 25-jierrige ynwenner fan Meppel, koene op de Nijstêd oanholden wurde. Se binne oerbrocht nei it plysjeburo.