Parregeaster mei auto yn feart

In automobiliste út Parregea is tongersdei mei har auto yn in feart neist de Westergoawei by Boalsert bedarre. Neffens tsjûgen begûn har auto samar ynienen te rikjen. Se makke doe in draai en rekke fia de berm yn 'e sleat.
De 50-jierrige automobiliste en har 54-jierrige passazjier koene sels út de auto komme. De frou rekke ferwûne oan har hân en earm en moast behannele wurde yn it sikehûs.