Frou oppakt foar lûdsoerlêst

14 maaie 2010 - 14:21

In frou fan 64 jier út It Hearrenfean is tongersdeitejûn oppakt fanwege lûdsoerlêst. Doe't plysjes mei har prate woene oer de oerlêst dy't se feroarsake skold se dy út. Se waard dêrop meinaam nei it plysjeburo. Dêr joech se in plysje in klap.

De frou is letter yn de nacht oerdroegen oan de GGZ.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)