Boalsert wint foar de 3e kear

© Omrop Fryslân
It frouljus keatspartoer fan Boalsert mei Géjanna Dijkstra, Feikje Bouwhuis en Fenna Zeinstra hat tongersdei de ôfdielingspartij yn Dronryp wûn. Yn de finale wienen se mei 5-2 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Ie mei Froukje Wolters, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. De tredde priis wie foar Sint Anne.
It wie foar de tredde kear achter elkoar dat Ie en Boalsert yn de finale stiene. Boalsert wûn alle trije kearen.