Plysje fynt tsjûge Britswert

It ûngelok by Britswert fan snein
De plysje hat de bestjoerder fûn fan in auto dy't ôfrûne snein belutsen wie by in ûngelok op de Froonackerdyk by Britswert. By dat ûngelok kamen twa minsken om it libben. De bestjoerder ried yn de rjochting fan Winsum en gie linksôf rjochting Britswert.
Hy of sy waard ynhelle troch de auto fan de slachtoffrs.Dy moast útwike en rekke dêrtroch fan de dyk en fia de berm tsjin in daam yn de feart. Twa minsken ha dat net oerlibbe, trije oaren rekken ferwûne.