Caravankontrôle pakt goed út

Fryske bestjoerders mei in caravan achter de auto hâlde har oer it algemien goed oan de regels. Dat docht bliken út in plysjekontrôle woansdei op ferskate plakken yn de provinsje.
By in kontrôle op de N381 by Appelskea rieden in oantal caravans mei âlde bannen en wie de bannespanning net goed. Ek hie in oantal bestjoerders gjin spesjale spegels foar de caravan. De plysje kontrolearret auto's mei in caravan de kommende tiid faker.