Lot Hurdegaripers noch ûnwis

13 maaie 2010 - 14:55

De gemeente Tytsjerksteradiel hat tongersdeitemiddei offisjeel befêstige krigen dat ynwenners fan syn gemeente omkommen binne by de fleantúchramp yn Libië. Dat seit loko-boargemaster Doeke Fokkema.

It is net dúdlik oft it yndied om in echtpear út Hurdegaryp giet. Dat wol it ministearje fan Bûtenlânske Saken noch net sizze. Ynwenners fan Hurdegaryp lieten woansdei witte dat it gean soe om in echtpear út Hurdegaryp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)