Man mishannelet freondinne

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 27-jierrige man út Drachten oanhâlden, om't er syn freondinne mishannele hat. De man wie earder dy nacht nei it hûs fan syn 27-jierrige freondinne gien, op de Spitael.
Doe't de frou binnenkaam, sloech er har meardere kearen op 'e holle mei in swier ding. De frou koe fuortkomme en belle by de buorlju oan. Dy ha de plysje belle. De man is letter yn de nacht yn syn eigen hûs oanhâlden.