Tsjûge socht ûngelok Britswert

13 maaie 2010 - 14:28

De plysje siket noch nei de bestjoerder fan in auto dy't ôfrûne snein belutsen wie by in ûngelok op de Froonackerdyk by Britswert. By dat ûngelok kamen twa minsken om it libben. De autobestjoerder ried yn de rjochting fan Winsum en gie linksôf rjochting Britswert. Hy of sy waard ynhelle troch de auto dy't útwike moast en dêrtroch fan de dyk rekke.

De plysje wit noch hieltyd net wa't de bestjoerder is dy't linksôf soe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)