Oerfal op âlde frou Ljouwert

In 87-jierrige frou út Ljouwert is woansdei oerfallen yn har hûs oan de Archipelwei. It slachtoffer hie de doar iepen dien foar in frou, dy't sei dat se fan de thússoarch wie. Dêrnei belle in twadde frou oan. It slachtoffer fertroude it net en die net iepen. Dêrop pakte de earste frou har beet en twong har de doar dochs iepen te dwaan.
De froulju naaiden dêrnei út. De bewenster rekke ferwûne oan har heup en earm. Der is neat stellen.