D'diel kin net mear besunigje

13 maaie 2010 - 13:30

Dongeradiel kin net mear besunigje op de gemeentlike organisaasje. Neffens boargemaster Waanders kin der ek net mear besunige wurde troch noch mear gear te wurkjen mei oare gemeenten. De gemeente hat de ôfrûne jierren de broekriem al aardich oanhelle.

It is noch net bekend hoefolle Dongeradiel troch it Ryk noch koarte wurde sil, mar dan sil der skrast wurde moatte yn it gemeentlike takepakket.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)