Tryater dupe fan de krisis

It gebou fan Tryater
It tal besikers fan Tryater is yn 2009 bot werom rûn troch de kredytkrisis. Yn 2008 lutsen de Tryater produksjes noch mear as 50.000 minsken. Ferline jier wiene it der sa'n 44.000. Neffens saaklik lieder Siart Smit fan Tryater fernimt de kultuersektor it meastentiids al gau as minsken minder jild te besteegjen ha.
En as it wer better giet, duorret it ek langer foardat minsken wer jild besikber stelle foar kultuer.