Plannen Thialf ûndúdlik

12 maaie 2010 - 23:48

De wize wêrop de provinsje meidocht oan de komst fan in nij Thialf-stadion op It Hearrenfean moat nochris goed tsjin it ljocht hâlden wurde. Dat fine de Fryske Steaten. Deputearre Sjoerd Galema moat mei in stik komme wêryn't dúdlik stiet wat de provinsje hjirmei berikke wol en ûnder hokker betingsten dat moat.

Neffens de steaten is oant no ta folslein ûndúdlik wat de provinsje krekt wol mei in nij stadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)