Hynders op Wâldwei

12 maaie 2010 - 23:10

Fjouwer hynders hawwe woansdei oan it begjin fan de jûn foar kommoasje soarge op de Wâldwei. By de Fonejachtbrêge wiene de hynders losbrutsen út in stik lân en de dyk oprûn.

Auto's moasten stadich ride om in oanriding foar te kommen. Mei help fan plysjeauto's koe in blokkade setten wurde wertroch de bisten fongen wurde koenen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)