Flaggen healstôk troch ûngelok

Flagge healstôk by oerheidsgebouwen
De flaggen op alle oerheidsgebouwen yn Fryslân hawwe woansdei healstôk hongen. Dit hat te krijen mei it fleantúchûngelok yn Libië. By de crash op it fleanfjild fan de haadstêd Tripoli binne 61 Nederlanners omkommen.
In bern fan tsien jier is de iennichste dy't it ûngelok oerlibbe hat. It is noch net dúdlik wêr't de slachtoffers út Nederlân krekt weikomme.