Fertochte Club Q langer fêst
De 18-jierrige jonge út Damwâld dy't snein oanhâlden is yn de saak Club Q bliuwt noch twa wiken fêstsitten. De jonge wurdt fertocht fan iepenlike geweldpleging mei de dea as gefolch. Yn ferbân mei it ûndersyk kin justysje noch net sizze wat syn rol krekt west hat by de fjochtpartijen yn it wykein fan 17 en 18 april by Club Q.
De 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum kaam dêrby om it libben. De 20-jierrige Gerard Dykstra rekke swier ferwûne.