Eichler wint Batavus Pro Race
Lieuwe Westra, sûnt koart wenjend yn De Tynje, kaam woansdei as sânde oer de streek yn de Batavus Pro Race. Hy siet achter de kopgroep fan seis man.
De Dútser Markus_Eichler hat de hurdfytsklassiker yn Ljouwert wûn. Hy helle flak foar de einstreek Bram Schmitz yn dy't miende dat er de winner wurde soe. Tred waard Wouter Mol. Hy is ploechgenoat fan Lieuwe Westra. Mar 34 fytsers hellen troch it minne waar, hurde wyn en reinwetter, de einstreek.