Buertsuper Lippenhuzen bliuwt

De buertsuper yn Lippenhuzen wurdt útwreide. Dat is bysûnder om't yn hieltyd mear doarpen de supermerk ferdwynt. Mei in nije formule moat it yn Lippenhuzen in sukses wurde.
De buertsuper is al sûnt 1922 fan de famylje Faber. Soan Ronald hie syn twifels oft er de saak oernimme moast. It tal klanten naam de lêste jierren ôf. De winkel is ek in moetingsplak. Faber wol him mear talizze op farske produkten út de regio. Hy wol it tal klanten nei 3000 yn de wike bringe.