Bergsma nei Harkemase Boys

12 maaie 2010 - 15:31

Fuotballer Arjen Bergsma stapt oer fan SC Hearrenfean nei Harkemase Boys. De 21-jierrige ferdigener hat de hiele jeugdoplieding fan SC Hearrenfean trochrûn, mar spile nea yn it earste. Dit jier waard hy ferhierd oan FC Emmen en dêr spile hy 22 wedstriden.

De sponsorgroep Harkemase Boys is mei noch in tal spilers yn petear. Se hoopje dizze wike de earste seleksje foar it kommende seizoen rûn te krijen. Harkemase Boys spilet takom jier yn de nije topklasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)