Sintrale As wurdt justjes oars

De plannen foar de Sintrale_As binne oanpast nei krityk út de doarpen en fan bedriuwen. In rotonde by Sumar en Feanwâlden wurdt ferlein, der komt in bushalte by Sumarderheide en der komt in bettere oansluting fan de dyk op de Wâldwei.
Deputearre Adema sei woansdei nochris dat de dyk it bêste dûbelbaans útfierd wurde kin. Dat is better foar de feiligens. De dyk wurdt minder breed as in gewoane autosneldyk.