GGD-enkête oer sûnens

12 maaie 2010 - 11:27

Mear as tûzen minsken hawwe de ôfrûne wiken op ynternet in GGD-enkête oer sûnens ynfolle. De GGD seit dat de respons heger is as ferwachte. Sântûzen minsken hawwe in útnoeging krige om mei te dwaan oan it ûndersyk. Fan 'e wike krije ek noch minsken oer de post de fraach om mei te dwaan, foar it gefal dat se dat net op 'e kompjûter dwaan kinne.

De GGD wol mei útkomsten de sûnens en de leefsituaasje fan minsken yn Fryslân ferbetterje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)