Mooglik wer skoalswimmen

12 maaie 2010 - 11:07

Achtkarspelen wol ûndersyk dwaan nei de gefolgen it ôfskaffen fan it skoalswimmen. Dat stiet yn it koalysjeprogram fan CDA, FNP en Christenunie. De partijen foarmje it nije kolleezje.

De gemeente betellet sûnt 2007 net mear mei oan it skoalswimmen. Utsocht moat wurde oft dêrtroch in soad bern no hielendal gjin swimles mear krije. As dat sa is, wurdt de maatregel mooglik ynlutsen. De besuniging smiet de gemeente doe 70.000 euro op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)