Auto lansearre nei botsing

In 34-jierrige frou út It Hearrenfean is tiisdei yn Snits ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Se ried op 'e rûnwei, rekke troch in stjoerfout yn 'e berm en botste tsjin in ferkearsboerd. Dêrnei ried se in skeante op en waard mei de auto lansearre, sadat se op de Alde Himdyk telâne kaam.
De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Har auto rekke bot fernield.