Drugsdealers op Weaze oppakt

12 maaie 2010 - 10:08

Op 'e Weaze yn Ljouwert binne tiisdei fjouwer drugsdealers oanhâlden. De plysje-aksje is ûnderdiel fan in rige ôfspraken tusken plysje, gemeente en oare partijen. Doel dêrfan is de oerlêst troch drugshannel op 'e Weaze steviger oan te pakken. Omwenners en ûndernimmers hawwe der bot lêst fan.

By eardere aksjes waarden al 21 dealers oppakt. Ien fan 'e minsken dy't tiisdei oanhâlden is, is fêstset. Hy is alris in kear earder trapearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)