Fjouwer himpkwekerijen oprôle

12 maaie 2010 - 09:54

By it ûntromjen fan fjouwer himpkwekerijen op De Jouwer en yn Wolvegea binne tiisdei trije minsken út dy twa doarpen oanhâlden. Der is beslach lein op in auto, in kompjûter, trije tillevyzjes en 3650 euro.

De plysje kaam de kwekerijen op it spoar troch tips op Meld Misdaad Anoniem. Doe't se op De Jouwer oan 'e gong wiene, krigen se yn de gaten dat yn Wolvegea ek noch in kwekerij siet. De plysje docht ûndersyk nei de organisaasje achter de himpkwekerijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)