Tytsjerksteradiel moat snije

11 maaie 2010 - 21:06

De gemeente Tytsjerksteradiel wol de kommende jierren fjouwer miljoen euro snije yn de begrutting. Der komt minder jild út Den Haach en de kosten fan de gemeente rinne op. It gefolch is dat der 30 amters út moatte en de belestingen en leezjes omheech gean.

Organisaasjes en ferienings dy't subsydzje krije fan de gemeente moatte rekken hâlde mei minder jild de kommende jierren. De gemeente wol noch mei de ynwenners prate har ideeën foar mooglike besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)