'Galema makket in rommeltsje'

Deputearre Galema
De steatefraksje fan de FNP fynt dat deputearre Galema in 'rommeltsje' makket fan de diskusje oer de rezjyrol fan de provinsje by de weryndieling. Se fine dat dy diskusje der net dúdliker op wurdt no't de deputearre him beropt op in fuortfallen passaazje út it koalysje-akkoart fan 2007.
Dêryn soe stien ha dat de provinsje de rezjyrol op him nimt as gemeenten sels gjin plannen meitsje. En krekt dat sintsje soe fuortfallen wêze yn lettere fersys.