Jild foar elektrysk ferfier

Mear elektryske auto's
De provinsje sil mei fiif partijen gearwurkje oan de útwreiding fan elektryske mobiliteit. By dy partijen sitte ûnder oare de gemeente Ljouwert en de NHL. Meielkoar sille se wurkje oan de útwreiding fan it elektrysk ferfier, dus mear elektryske auto's, boaten, skooters en fytsen.
Der moatte ek mear oplaadpunten komme foar al dy ferfiermiddels. De totale kosten foar de útwreiding wurde rûsd op in goed miljoen euro. De provinsje draacht dêr 265 tûzen euro yn by.