Bibel no ek yn Stellingwerfsk

11 maaie 2010 - 17:11

De Bibel hat der no ek in oersetting yn it Stellingwerfsk by. De nije Bibel wurdt woansdei offisjeel presintearre. Seis jier lang hat Piet Bult wurke oan de oersetting. Dêrfoar hie er in spesjale metoade. Hy sette 30.000 Stellingwerver wurden yn 'e kompjûter, liet de kompjûter oersette en makke der mei help fan korrektor Frank de Vries goedrinnende sinnen fan.

Der binne 750 eksimplaren fan 'e Stellingwerver bibel drukt. Doel is dat de bibel ek yn tsjerke brûkt wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)