Beroerte: der gau by wêze

De Europeeske Dei fan 'e beroerte hat ek yn Fryslân omtinken. Yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is dêr in foarljochtingsmerk oer. Dêr binne folders en sûne hapkes te krijen en minsken kinne harren bloeddruk mjitte litte.
Beroertes binne yn Nederlân de grutste oanlieding ta ynvaliditeit. Alle jierren krije 500.000 minsken in beroerte of in lichtere foarm, in TIA. As de behanneling binnen 4,5 oere op gong komt, kin it mei medisinen tafalle.