Kuieralvestêdetocht fan start

11 maaie 2010 - 13:29

Yn Ljouwert is tiisdeitemoarn de 64e Kuieralvestêdetocht fan start gien. De goed tûzen dielnimmers rinne tiisdei nei Sleat, in tocht fan hast fyftich kilometer. De start wie lykas altyd by de Harmonie. De skouboarch is it sammelplak foar de kuierders.

Yn Weidum hiene de ferkearsregelders it drok om't der in protte ferkear wie. Om krekt te witten hoe't it moat, hawwe de ferkearsregelders op kursus west. De organisaasje is bliid mei it droege en net al te waarme waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)