'Pleach ikeprosesjerûp driget'

11 maaie 2010 - 12:18

As der neat dien wurdt, driget in pleach fan ikeprosesjerûpen yn Fryslân. Dat seit ynsektsaakkundige Sylvia Hellingman. De rûp sit benammen yn ikebeammen en hat 'brânhier'. Dat kin foar jûkte, hûdútslach en yn it slimste gefal foar blinens soargje.

De ikeprosesjerûp kin gefaarlik wêze foar minsk en dier. Guon gemeenten yn it suden fan 'e provinsje binne al dwaande mei de bestriding fan it bistke. Mar de provinsje docht neat, seit Hellingman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)