Protte rôffûgels deamakke

11 maaie 2010 - 12:07

Yn 'e provinsje Fryslân wurde de measte rôffûgels ferfolge fan hiel Nederlân. Dat hawwe de Fryske Miljeufederaasje en it IVN, konsulintskip Fryslân bekend makke.

Alle jierren wurde hûnderten rôffûgels deamakke. Om dat tsjin te gean binne beide stiftings út ein set mei in kampanje foar rôffûgels. De plysje moat mear omtinken jaan oan 'e ferfolging fan rôffûgels en der moat mear foarljochting komme, op skoallen en by natuerklups en fûgelwachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)