Dronryp wol pinautomaat werom

11 maaie 2010 - 11:52

Dronryp wol wer in pinautomaat yn it doarp hawwe. De besteande automaat is in pear moanne ferlyn fuorthelle. Doarpsbewenners en besikers moatte no nei Frjentsjer, Menaam of Berltsum foar jild. Dat sil benammen mei de Rypster Merke in probleem wêze, tinkt Doarpsbelang.

Doarpsbelang fynt it ûnfoarstelber dat in doarp mei 3500 ynwenners gjin pinautomaat hat. Der komt ek in nij winkelsintrum en dêr soe in pinautomaat ek handich wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)