Jonge ynbrekkers winkel oppakt

Op It Hearrenfean binne yn 'e nacht fan moandei op tiisdei twa jonges fan 18 en 19 jier oppakt. Se hiene ynbrutsen yn in winkel. In tsjûge hie sjoen dat se yn in winkel oan it Burgemeester Kuperusplein oan de gong wiene en belle 112.
Plysjes dy't op 'e melding reagearren, seagen noch krekt in jonge út 'e saak weikommen. Hy naaide hurd út, mar koe eefkes letter mei syn maat oppakt wurde. Beide jonges sitte fêst op it plysjeburo.