Oppakt foar oanranding

In Hagenaar (26) is oppakt foar oanranding en mishanneling fan in frou (55) út It Hearrenfean. Hy soe har ein april jûns yn in winkel dêr't se wurke, oerfallen hawwe. De man naam de frou mei nei achteren ta yn 'e saak en mishannele en misbrûkte har dêr.
De plysje hie bylden fan 'e fertochte op ynternet set. Dy wiene ek yn Opsporing Verzocht te sjen. In tsjûge hie de man sjoen op It Hearrenfean. Hy is ferline wike freed arrestearre op it treinstasjon yn Ljouwert.