Scooter klapt op auto's

11 maaie 2010 - 09:58

Yn Ljouwert is moandeitejûn in man fan 41 jier oanhâlden omdat er mei de scooter tsjin in pear auto's oanriden wie. Omstanners hiene de man oanhâlden en yn bedwang hâlden oant de plysje kaam, omdat er nochal agressyf wie.

De fertochte wie ferwûne rekke en moast nei it sikehûs. Omdat de plysje it fermoeden hie dat er ûnder ynfloed fan drank en drugs wie, is der ek in bloedproef dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)