Start restauraasje begraafplak

It begraafplak oan de Spanjaardsleane
De gemeente Ljouwert giet woansdei fan start mei in grutte restauraasje fan it Algemiene Begraafplak oan de Spanjaardsleane yn de stêd. De hiele restauraasje fan it monumintale begraafplak fan Lucas Pieters Roodbaard sil sawat twa jier duorje.
In begraafplak yn Nederlân wurdt net faak op grutte skaal restaurearre. Doel fan de restauraasje is om de sfear fan it begraafplak te behâlden.