Opera Nijetrine útferkocht

Opera Nijetrine yn 2006
De sân foarstellings fan opera Figaro! yn Nijetrine yn augustus binne útferkocht. De opera wurdt holden oan de Scheene yn it natoergebiet De Rottige Meenthe.
Produsint Yvon Scheper is bliid mei de grutte belangstelling foar de opera, mar fynt it wol spitich dat no in soad minsken teloarsteld wurde moatte. De opera Nijetrine fiert dit jier it twadde lustrum.