Ferbjustering oer oanhâlding

Fuotbalferiening De Westereen is ferbjustere oer de oanhâlding troch de plysje fan in 18-jierrige jonge út Damwâld. Hy soe belutsen wêze by de geweldsynsidinten yn it wykein fan 17 en 18 april by Club Q yn Noardburgum. Dêrby kaam de 16-jierrige Redmar Smedema út Burgum om it libben en rekke de 20-jierrige Gerard Dijkstra swier ferwûne.
De Damwâldster spilet by fuotbalferiening De Westereen en wurdt noch heard troch de plysje.