Subsydzje foar enerzjysunich

Húseigners dy't dit jier har hûs enerzjysunich meitsje, kinne in flink bedrach weromkrije fan de provinsje. Fryslân wol de kommende jierren 24.000 âlde wenningen enerzjysunich meitsje en de provinsje makket dêr trije jier lang in miljoen euro foar frij.
De subsydzjeregeling gie ferline wike iepen en 74 húseigners ha al in oanfraach dien. It giet om partikuliere wenten fan âlder as 15 jier en minsken moatte foar minimaal 4000 euro besteegje.