Hoarekafakpunt yn Fryslân

10 maaie 2010 - 12:45

Yn Fryslân slaan hoarekabedriuwen en MBO-skoallen de hannen yn elkoar om te soargjen foar in bettere begelieding fan studinten. Moandei waard yn Oranjewâld it hoarekafakpunt iepene. Dat is in gearwurkingsferbân fan de skoallen en de hoareka. Dy betelje ien koördinator dy't soarget dat alle learlingen op it goeie plak komme.

Op in webside kinne bedriuwen har oanmelde om mei te dwaan op it fakpunt. Dêr binne ek de aktiviteiten fan de learlingen te folgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)