Picknickbank ôfbrând

10 maaie 2010 - 11:22

In nagelnije picknickbank fan de Marrekrite, dy't by in steiger oan de Wite Brekken stie, is dit wykein yn flammen opgien. De bank is yn maart troch de bewennersferiening De Brekken oan rekreaasjeskip Marrekrite oanbean. Sneon fûn in frijwilliger fan de Marrekrite de restanten.

De bank is makke fan recycled keunststof en fljocht net samar yn de brân. Der wurdt dan ek fanút gien dat der opset yn it spul is. De Marrekrite sil oanjefte dwaan by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)