Gjin ferfolging saak sporthal

Der komt gjin juridyske ferfolging nei oanlieding fan it ûngelok mei de ljochtynstallaasje yn sporthal it Kealledykje yn Ljouwert. By in gymnastykútfiering op 14 maart foel de ljochtynstallaasje om en dêrby rekken in famke en in liedster ferwûne.
De oarsaak fan it ûngelok hat west dat ien fan de poaten fan de ynstallaasje net goed fêstsetten wie. Undersyk fan plysje en arbeidsynspeksje hat fêststeld dat der gjin opset of 'grove nalatigheid' yn 't spul west hat.